Klanten aan het woord

Klanten aan het woord

Toen Tineke van der Pol voor het eerst hoorde over Warm Heeg was ze best sceptisch: ‘Is dat wol sa’n goed idee?’ Maar wat haar verraste is dat het niet zó nieuw is.

Wêrom?

It is belangryk dat wy de oerstap meitsje nei duorsume enerzjybronnen. Goed foar it klimaat en goed om us ôfhanklikheid fan fossile brânstoffen te beperken. At wy dit lokaal organisearje, pakke wy sels de regie. In moaie kâns foar betelbere en duorsume enerzjy. It fielt misskien as in ‘druppel op een gloeiende plaat’, mar feroaring begjint by dysels en wa wit folgje der mear.

Wat ferraste it meast?

Op oare plakken wurdt dit al dien. Dat makket dat der foarbylden binne dêr’t wy fan leare kinne. It is in goed plan mei omtinken foar betaalbaarheid en it oanpassen fan de huzen. Uteinlik makket iederien de oerstap nei duorsume enerzy. Mei sa’n gedegen plan moast eins net ôfwachtsje, mar in stap doare te setten.

It doarp?

It doarp dêr’t ik opgroeid bin en wer ik mei in soad wille wenje. In ûndernimmend doarp, en dêr past sa’n inisjatyf moai by.

De mar?

Dy is ferbûn mei Heech en bringt ús in soad moais.

En de kâns?

It is in útdaging op dit foar elkoar te krijen, mar we binne al fier. Tink oan de tasizzings op ferskillende nivo’s en de subsydzjes om dit foar elkoar te krijgen. Ôfwachtsje en oer in pear jier mar wer sjen? Dan is alles wer oars. Dat betsjut dat we no us kâns pakke moatte. Net allinnich foar dy sels, mar júst ek foar it doarp. Ferdjip dy der ris yn en stel dyn fragen. Pas dan kinst in bewuste keus meitsje.

Martijn Jagersma ging op bezoek bij het voorbeeldhuis van Warm Heeg, omdat hij benieuwd was wat er verandert in huis en hoe een afleverset eruitziet. “Ik bin gewoan in nijsgjirrig persoan en je wolle toch in bytsje in byld ha by wat der gebeuren giet.”

Wêrom?
De gaspriizen gean de kommende tiid noch wol omheech. Ik hie my oanmelden foar Warm Heeg en je wolle toch witte wêr’t je oan ta binne. Wy ha gjin idee wat der allegear gebeuren giet, dus wy tochten, wy kinne wolris even sjen.

Wat ferraste it meast?
It foel my mei. It is ûngefear itselde formaat as in nije CV-tsjettel. Yn it Warm Heeg kantoar seagen wy ek noch it aldernijste model afleverset. Wy hawwe allinnich de buis no noch net sjoen dy’t langs hús komt. [ die is nu wel aanwezig bij het voorbeeldhuis – red. ] Mar wy hawwe wol in bytsje in byld fan wat der gebeuren giet.

It doarp?
Ik wenje myn hiele libben al yn Heech, dus ik bin in echte Hegemer.

De mar?
Ja dy heart gewoan by Heech. It makket ús doarp spesjiaal. En ek handich as je Heech op de kaart oanwize moatte, want at je op de kaart sjoche, sikest gewoan de mar en kinst Heech direkt oanwize.

En de kâns?
Ik fyn it in harstikke moaie kâns. Los oft je no wol of net fertrouwen ha yn de oerheid, wy binne dan net mear ôfhanklik fan grutte maatskippijen en fan belêstingen en soks. We wurde dan selsfoarsjennend. Ja, ik fyn it echt in moai insjiatyf.