Interview met Idske Koopmans
“At wy it mei inoar dogge, kinne wy as doarp op inoar pasje, want dat moat echt. It is sa belangryk dat elkenien meidwaan kin. De kloof tusken earm en ryk wurdt hieltiid grutter troch de enerzjykrisis. Minsken dy’t isolaazje en sinnepanielen betelje kinne, sitte der lekker by. En oaren sitte yn kâlde huzen, de kachel leech fanwege de rekken, mei damp en skimmel op de muorren, en reitsje sa yn in sirkel omdel. It is in geweldige kâns om elkenien mei te nimmen en bygelyks ek de hierders meiprofitearje te litten. As kollektyf Warm Heeg kinne wy echt in slach meitsje, mar allinnich at wy sjen litte dat wy dit allegear wolle en manmachtich oanheakje. Ek it komfort dat Warm Heeg bringt moat earlik ferdield wurde.”
“Ik sjoch in geweldige kâns om it sa ek foar allegear mooglik te meitsjen. Want dat is wol in must: dat wy each hâlde foar wa’t de enerzjytransysje drege matearje is. It is net allinne finansjeel dreech, mar ek ast sjochtst wêr ast dy allegear yn ferdjipje moast om in kar te meitsjen, it is gewoan yngewikkeld. No wit ik dat de ploech fan Warm Heeg him der sa yn hat ferdjippe, dêr wol ik op fertrouwe — dat it kin, mei syn allen, fan it gas ôf.”
Lees het hele interview met Idske in de brochure